Sûnder Eigen Taal is in Folk Ferlern

 

isediyani

“Taal is hillich”, seit Sediyani. “Taal is as jins mem. Dêr moatst goed op passe. Sûnder eigen taal is in folk ferlern.”

 

 

     Lit de folgjende sin goed ta jim trochkringe: “Niet alleen het symbolische dialect laat je wanen in een totaal andere omgeving, ook de rivieren, beekjes, singels, plassen.” It is in sin út in oanrikkemandaasje fan Fletcher Hotels. Dy oanbefelling giet oer Fryslân en it “symbolische dialect” slacht op it Frysk. It is te hoopjen dat de hotels fan Fletcher kwalitatyf better binne as de brike, healbakken, krûme en knoffelige teksten dy’t se op de minskheid ôffjurje. Dy litte my nammentlik sa bot “wane” dat ik der spontaan fan yn ‘e skiterij reitsje.

     Hawar, in trijetal FNP’ers reagearre nei oanlieding fan dy behyplike oanprizing mei in ynstjoerd stik oer de byldfoarming fan it Frysk. De kearn fan harren ferhaal wie dat wy, troch ús sleauwe hâlding foar de taal oer, sels ek skuldich binne oan it feit dat dy sa beroerd is. Dêr sit wat yn. Je witte faak net wat je ha foar’t je it kwyt binne.

     Faak binne it net-Friezen dy’t harren fernuverje oer de rykdom fan taal en kultuer en ús dêrop wize. Lykas de Amerikaan Matt Coler. Dy is út namme fan RUG / Campus Fryslân projektlieder by CoLing, in EU-projekt dat memmetalen beskermet en stipet. Foar him is in taal in sosjaal bynmiddel dat in mienskip ferieniget mei syn kultuer en ferline. Behalve Coler wie it lêsten ek de Turksk – Koerdyske auteur Ibrahim Sediyani dy’t ús de skjintme fan taal en kultuer foarhâlde.

     Hy hat in boek yn it Turksk skreaun mei de titel “Fryslân en de Hjoeddeiske Friezen”. It hie him rekke dat der yn it Turksk taalgebiet noch noait oer de Friezen publisearre wurden wie. “In etnysk folk dat oer trije lannen ferdield libbet, dat is yn myn lân ûnbekend.” Hy is fassinearre troch de Friezen, mei om’t er sels in Koerd is. Syn folk libbet ferdield oer fjouwer steaten. De Koerdyske memmetaal stiet ûnder druk, sy ha ek in eigen politike partij en fjochtsje foar it behâld fan harren etnysk en kultureel erfgoed.

     Ibrahim stelt wol dat de Fryske útgongsposysje folle geunstiger is. “Jim ha in provinsje dy’t gewoan Fryslân hjitte mei. Jim meie yn jim eigen taal prate, dy is sels twadde rykstaal.” Soks soe yn Turkije, mei it Koerdysk, ûntinkber wêze. “Taal is hillich”, seit Sediyani. “Taal is as jins mem. Dêr moatst goed op passe. Sûnder eigen taal is in folk ferlern.”

     Coler lit him yn deselde trant út. Dy stelt dat der minder diversiteit as oait op de wrâld is. Dat wy de taalkundige en kulturele diversiteit koesterje en beskermje moatte. Fanwegen it belang foar de maatskippij, want: “As in taal ferdwynt, dan ferlieze wy wat as minskheid.” Dêr kinne wy sels wat oan dwaan. Troch de bern yn dy taal grut te bringen, troch dêryn te sjongen en te skriuwen en te spyljen. Troch selsbewust te wêzen. Dat wy sadwaande net ferlern binne en in langere azem ha as Fletcher Hotels.

     Willem Schoorstra

     OMROP FRYSLÂN

     https://www.omropfryslan.nl/nijs/958353-kollum-sunder-eigen-taal-folk-ferlern

     12 MAAIE 2020

 

308 Total Views 3 Views Today
Twitter'da Paylaş     Facebookta Paylaş

Bir cevap yazın

E-posta hesabınız yayımlanmayacak. Gerekli alanlar * ile işaretlenmişlerdir