Earste Boek oer Fryslân en de Friezen yn Turkije Ferskynd

 

isediyani

Ibrahim Sediyani, de Koerdyske sjoernalist en skriuwer út Turkije dy’t yn Dútslân wennet, hat it earste boek oer Fryslân en de Friezen yn Turkije publisearre.

 

     Ibrahim Sediyani, de Koerdyske sjoernalist en skriuwer út Turkije dy’t yn Dútslân wennet, hat it earste boek oer Fryslân en de Friezen yn Turkije publisearre. It boek “Frizya ve Günümüzde Frizler” (Fryslân en Tsjintwurdich de Friezen), útjûn troch “Bir Kitap Utjouwer”, is it earste boek dat yn it Turksk skreaun en yn Turkije útjûn is.

     It 173 siden tellende boek jout ynformaasje oer de Fryske geografy, skiednis, kultuer, taal en literatuer, dy’t yn trije lannen terjochte komme: Dútslân, Nederlân en Denemarken.

     Fryslân en de Friezen binne ûnbekend yn Turkije. It doel fan sjoernalist en skriuwer Ibrahim Sediyani is om fia dit boek Fryslân en de Friezen yn Turkije te yntrodusearjen. Sediyani wennet yn Dútslân en hâldt fan Fryslân. Hy reizge faak nei Fryslân. It nij ferskynde boek wekt yn Turkije al grutte belangstelling en nijsgjirrigens.

     IT NIJS

     8 APRIL 2020

 

326 Total Views 1 Views Today
Twitter'da Paylaş     Facebookta Paylaş

Bir cevap yazın

E-posta hesabınız yayımlanmayacak. Gerekli alanlar * ile işaretlenmişlerdir